Haadsponsoaren IFKS ferlingje kontrakt mei trije jier

05 jan 2020 - 20:59

De haadsponsoaren fan de IFKS ha har ôfrinnende kontrakt mei trije jier ferlinge. De bedriuwen Douma Staal en Fisher Edelstaal stypje de IFKS de kommende trije jier alle jierren mei 12.500 euro.

It IFKS-skûtsjesilen op de Sleattemer Mar - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Beide bedriuwen wiene de ôfrûne trije jier ek al foar itselde bedrach sponsor fan de IFKS. Dat kontrakt rûn dit jier ôf.

Foarsitter Sicko Heldoorn fan de IFKS is der wiis mei dat de twa bedriuwen oanbliuwe as sponsor. "It binne deeglike en betroubere sponsoaren, dêr't we goede ûnderfiningen mei ha."

Njonken de twa haadsponsoaren binne der noch 27 bedriuwen dy't by de sakeklup fan de IFKS hearre. Sy drage alle jierren 1.000 euro by.

Trefwurden: 
skûtsjesilen IFKS
(advertinsje)
(advertinsje)