Nije eilantsjes yn De Moarre

10 jul 2012 - 12:22

Der komme twa nije eilntsjes yn De Moarre. It wurk is ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt en moat yn septimber klear wêze. De provinsje wol mei dit projekt de natoer kompensearje, omdat de gruttere drokte op de marren te'n koste giet fan de natoer. It wurk is moandei begongen.

De oannimmer makket gebrûk fan 200 meter lange slurven, dy't folpompt wurde mei sân. Hjirmei wurdt de omtrek fan de eilantsjes makke. Dêrnei wurdt der sân en bagger ynstoarten.

It wurk fynt bûten de fargeul plak, dus de beropsfeart hat der gjin lêst fan, mar de wettersporters kinne de kommende moannen net op alle plakken yn De Moarra komme. Der sit ek noch in oar aspekt oan de nije eilantsjes, de wrotmûs moat hjir nammentlik ek syn thús fine. De mûs komt al yn dizze omkriten foar en de ferwachting is dat dy sels nei it eilân swimme sille.

Trefwurden: 
De Moarre eilantsjes
(advertinsje)