Deasketten swannen fûn yn Rottum

05 jan 2020 - 20:32

Meiwurkers fan de diere-ambulânse ha fjouwer deade swannen fûn lâns de dyk yn Rottum. Se ha de plysje ynskeakele. De plysje freget minsken dy't mear witte om har te melden.

Deade swan by Rottum - Foto: @JanBT4 op Facebook

Earder yn it wykein sieten de wite swannen noch yn de greide by Rottum, efter It Hearrenfean. In pear oeren letter waarden se dea, mei skotwûnen, fûn. Trije fan de swannen wurde no bewarre yn in friezer by de diere-ambulânse op De Jouwer foar ûndersyk.

Op foto's fan de plysje binne skotwûnen te sjen:

Trefwurden: 
plysje dea Rottum swan
(advertinsje)
(advertinsje)