'Ynterne fertrouwenskrisis' by PvdA op It Amelân, foarsitter stapt op

05 jan 2020 - 19:59

Foarsitter Tonnie Overdiep is snein opholden as foarsitter fan de PvdA op It Amelân. Hy stapt ek út de polityk. As reden jout er in ynterne fertrouwenskrisis, dy't ûntstien is trochdat ynformaasje lekt is út it kader fan de partij. "Het doet pijn", seit Overdiep.

Foto: ANP

Overdiep wie fan 1990 oant 2014 riedslid foar de PvdA op it eilân en dêrnei bleau er belutsen as skaadfraksjelid. Boppedat wie er dus foarsitter fan de lokale PvdA-ôfdieling.

Snein lei Overdiep syn wurk foar de PvdA del, nei't dúdlik waard dat ien út in lytse groep binnen de partij út de skoalle klapt hie. Dat kaam letter by de parse telâne. Dêrnei kamen der ek fragen oer, wêrnei't foar Overdiep it fertrouwen brutsen wie.

'PvdA as koälysjepartij net goed út de ferve'

Op 2 jannewaris wie der in spoedgearkomste fan de PvdA-wurkgroep. Oanlieding soe wêze dat de PvdA him net genôch profilearje soe yn de ried.

Irma Marinus die it nei 2012 goed yn de opposysje, troch op te kommen foar de minsken mei in lytsere beurs en omdat se each hie foar de sosjale aspekten fan it gemeentlike belied. Mar no sit de PvdA yn de koälysje. En as fraksjefoarsitter fan in koälysjepartij soe Marinus minder 'read' út de ferve komme.

De spoedgearkomste is tongersdei net hielendal ôfmakke. Moandeitejûn komme de PvdA'ers wer byinoar, mar dêr is Tonnie Overdiep dus net mear by.

(advertinsje)
(advertinsje)