Sven Roes Nederlânsk kampioen shorttrack: "Vorig jaar streste ik nog, nu veel minder"

05 jan 2020 - 18:47

Doe't Sven Roes sneintemoarn wekker waard, hie er nea tocht dat er letter op dy dei Nederlânsk kampioen shorttrack wurde soe. "Dat het nu al zou gebeuren, had ik nooit gedacht", sei er nei't er de titel ferrassend pakte. "Een heel mooie titel, ik ben er heel trots op."

Sven Roes oer syn titel:

De 20-jierrige Gytsjerkster hie him as doel steld om de 1.500 meter te winnen. "Dat is mij ook gelukt. Daarop heb ik mijn visitekaartje afgegeven. De 500 meter ging ik niet naar de finale, maar op de 1000 meter heb ik mooi zilver gepakt. Dus ik heb de basis gelegd op de langere afstanden."

Ik ben ontspannen gebleven, relaxed.

Sven Roes

Roes gong yn de Ljouwerter Alvestêdehal as klassemintslieder nei de superfinale oer 3000 meter. Dêryn hie er genôch oan it twadde plak. "Ik ben ontspannen gebleven, relaxed. Vorig jaar stresste ik nog heel erg, maar dit jaar veel minder."

In jier lyn waard Roes al tredde op it NK, mar hy kaam dêrnei net by de nasjonale trainingsseleksje. Nei oerlis bleau er by syn eigen ploech. "Samen hebben we besloten dat ik nog een jaartje in m'n techniek moest investeren. Achteraf is dat een goede keuze geweest. Nu zou ik wel de volgende stap willen en kunnen maken. Vorig jaar was het een jaartje te vroeg, maar nu ben ik er wel klaar voor."

Rap en shorttrack

Roes leit him net allinnich ta op it shorttrack: mei shorttrackmaat Steyn Land rapt er ûnder de namme Broezn. "We hebben een eigen YouTube-kanaal", laket Roes. "Gewoon, omdat we het leuk vinden. En in de zomer hebben we veel tijd. Dylan Hoogerwerf heeft voor ons een beat gemaakt, daarop rappen wij. We hebben veel goede reacties gekregen."

As er kieze moat tusken it shorttrack en de muzyk, dan wit Roes it wol: "Dan toch maar shorttrack."

Schulting mei oermacht

Suzanne Schulting pakte mei oermacht de titel. Se wûn de 500, 1000 en 1500 meter. Sa wie se al foar de superfinale wis fan de titel. Yn dy superfinale gong se ûnderút, mar de titel wie dus al binnen. "Dat is natuurlijk jammer, maar het was een ongelukkige samenloop van omstandigheden."

Suzanne Schulting oer har titel:

Fierder wie se tige tefreden: "Ik voelde me heel goed, ik heb heel lekker gereden." Schulting hat ek net serieus oerholden oan de falpartij yn de superfinale.

It is de bedoeling dat Schulting de kommende moannen noch sterker wurdt. "Ik heb niet hier gepiekt. We gaan nu de puntjes op de i zetten richting het EK. De bondscoach Jeroen Otter weet me altijd op tijd klaar te stomen."

Breeuwsma nei it EK

Daan Breeuwsma waard twadde op it NK. Dêrmei is er wis fan dielname oan it Europeesk kampioenskip yn Hongarije. De Akkrumer wie yn duel mei Dylan Hoogerwerf. De bêste fan dy twa oer de ôfstannen de 500, 1000 en 1500 meter soe him njonken Itzhak de Laat pleatse foar it EK. "Ik moast de 1000 meter winne. Ik bin wol hiel bliid dat dat slagge is."

Daan Breeuwsma:

Yn de striid om de nasjonale titel moast Breeuwsma Sven Roes foargean litte. "Dy jonge wie hiel goed dit wykein. Hy hat it fertsjinne. Moatst konstant wêze, en dat wie er."

Hoe goed wurdt Roes?

Noch gjinien wit hoe goed oft Roes úteinlik wurde kin, ek Breeuwsma net. "Hy is foaral hiel goed op de langere ôfstannen. Hy wachtet lang en giet dan bûtenom. Op wrâldbekernivo is it wol hiel oars riden. Mar hy hat it dit wykein perfekt dien."

No klearmeitsje foar it EK, dat ein jannewaris holden wurdt. "Ik bin dêr gewoanwei better as hjir. Mar ik sit lekker yn myn fel, dat is it wichtichste."

(advertinsje)
(advertinsje)