Klups De Fryske Marren begjinne petysje tsjin hegere kosten sealhier

05 jan 2020 - 18:18

Sportferiening CSC Joure hat in petysje opset tsjin it beslút fan de gemeente De Fryske Marren om de tariven fan indoorsportakkommodaasjes te ferheegjen. Meardere ferienings hawwe harren by de petysje oansletten. Sy fine dat in jierlikse ferheging fan de sealhier mei 10 prosint in grut probleem is.

Klups dy't de petysje stypje, komme út Sint Nyk, Balk, Sleat en De Lemmer. De ferheging soe yn tsien jier tiid in ferdûbeling fan it hjoeddeistige taryf betsjutte. Dy moat trochberekkene wurde oan de leden en dêrmei wurdt binnendoar sporten te djoer, seit bestjoerslid Martijn Weltevreden fan CSC Joure.

Sporthal de Stuit dêr't CSC Joure gebrûk fan makket - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

CSC Joure betellet no noch 15.000 euro oan hier en dat moatte se mei 400 leden opbringe.

De ferheging fan de tariven is in 'harmonisaasje' mei de tariven mei dy fan klups dy't bûtendoar sporte. Mar dy dogge dat meastentiids yn seizoenen, wylst der binnendoar it hiele jier troch sport wurdt.

'Realistysk' útstel

De klups dy't de petysje stypje, wolle dat de gemeente opnij yn oerlis giet en mei in 'realistysk' útstel komt, dêr't de ferieningen mei libje kinne. "Hun functies zouden door de gemeente onderschreven moeten worden door de kostenstijging te beperken en sporten en bewegen bij verenigingen betaalbaar te houden", skriuwe se by de petysje.

(advertinsje)
(advertinsje)