LDODK wint mei grutte sifers fan Blauw Wit en bliuwt koprinner

05 jan 2020 - 17:33

De kuorballers fan LDODK ha de earste wedstriid fan 2020 tsjin Blauw Wit út Amsterdam mei 31-17 wûn. De ploech fan Henk Jan Mulder, dy't dizze wike syn kontrakt mei in jier ferlinge hat, bliuwt dêrmei foarearst ek koprinner yn de Kuorbal League.

Trainer Henk Jan Mulder:

Yn sporthal Koartsweagen op De Gordyk woenen de Friezen har revansjearje foar de nederlaach earder dit seizoen yn de fjildkompetysje yn Amsterdam (15-13). Boppedat koe LDODK de kopposysje wer oernimme fan PKC út Papendrecht en TOP út Sassenheim dy't sneon beide al wûn hienen.

Gau in grutte foarsprong

LDODK sette geweldich útein en hie al gau in grutte foarsprong te pakken. By it skoft wie it 15-8.

Dat skoareferrin sette yn de twadde helte troch. Beide ploegen skoarden nei it skoft ien kear faker as yn de earste helte, wat in einstân fan 31-17 betsjutte. It is de twadde kear fan it seizoen dat LDODK mear as tritich punten skoart yn in wedstriid. Yn de slotfaze liet Mulder wat wikselspilers yn aksje komme.

Marloes Frieswijk:

Lieneke Pries en Erwin Zwart wiene beide goed foar seis punten by LDODK.

Takom wike topper

Takom wike giet LDODK op besite by TOP. Dy ploech stiet tredde, mei ien puntsje minder as LDODK.

Marjolijn Kroon oer de wedstriid

By Blauw Wit Amsterdam is dit seizoen Gerald Aukes út Grou de trainer. Aukes promovearre acht jier lyn mei LDODK nei de Kuorbal League, mar hie no mei de Amsterdammers gjin momint kâns op in goed resultaat. Blauw Wit en Aukes steane foarearst op it achtste plak yn de League.

Gerald Aukes:

Stân Kuorbal League

Stân Kuorbal League wedstriden punten
1. LDODK 8 14
2. PKC (Papendrecht) 8 13
3. TOP (Sassenheim) 8 13
4. KZ (Koog a/d Zaan) 8 12
5. Fortuna (Delft) 8 9
6. DOS'46 (Nijeveen) 8 7
7. DVO (Bennekom) 8 5
8. Blauw Wit (Amsterdam) 8 3
9. Groen Geel (Wormer) 8 2
10. Tempo (Alphen a/d Rijn) 8 2
Foto: LDODK.nl
(advertinsje)
(advertinsje)