Mei 202 kilometer op Ofslútdyk

Ofslútdyk © Omrop Fryslân
In 38-jierrige man út Anna Paulowna is moandeitemiddei syn rydbewiis ôfnommen, omdat hy mei 202 kilomter oer de Ofslútdyk ried. De maksimumsnelheid is dêr 130.
By in kontrôle mei in lasergun waard de oertreding konstatearre, wêrnei't in plysjemotor de man achternei gie. De man waard steande hâlden en koe syn rydbewiis ynleverje. Ek krige hy in proses-ferbaal.