VC Snits wint sûnder setferlies yn Gennep

VC Snits hat snein mei 3-0 wûn op besite by FAST Flamingo út Gennep. Mei de oerwinning komme de Snitsers op de ranglist yn de buert fan FAST, dat op it fjirde plak stiet. De setstannen wiene 25-18, 25-15 en 25-19.
Anlène van der Meer © www.orange-pictures.nl
Anlène van der Meer en Iris Reinders soargen beide foar fyftjin punten foar VC Snits.
It wie de earste wedstriid fan VC Snits yn 2020. Foar de krystdagen wûn Snits ek al mei 3-0 op besite by Regio Zwolle, ek al in ploech dy't heger stiet. Dat is kommende woansdei ek de tsjinstanner, mar dan yn Snits.