Marrit Jasper net yn nasjonale seleksje foar olympysk kwalifikaasjetoernoai

05 jan 2020 - 16:51

Follybalster Marrit Jasper fan Snits is net opnommen yn de nasjonale seleksje foar it olympysk kwalifikaasjetoernoai (OKT). De nije bûnscoach Giovanni Caprara hat snein syn seleksje fan fjirtjin spylsters bekend makke en dêr sit Jasper net by.

Marrit Jasper (argyf) - Foto: www.orange-pictures.nl

Ofrûne wike spile in foarseleksje mei fyftjin Nederlânske follybalsters in pear oefenwedstriden tsjin Dútslân. Doe siet Marrit Jasper noch wol by de seleksje. Celeste Plak wie noch in twivelgefal, om't se net hielendal ynsetber wie. By de lêste oefenwedstriid die bliken dat se fit genôch wie en meidwaan kin oan it OKT.

By de definitive OKT-seleksje fan fjirtjin spylsters is Jasper dus de iennige ôffalster. De seleksje is foar in grut part itselde as de ôfrûne jierren, allinnich Floortje Meijners is sûnt koart werom, nei't se goed tolve jier lyn har lêste ynterlân spile. Dat liket no Jasper har plakje te kostjen.

Faak fêste krêft

De ôfrûne jierren wie de 23-jierrige Jasper in fêste krêft yn de nasjonale follybalseleksje. Sa waard se yn 2017 mei Nederlân twadde op it Europeesk kampioenskip, yn 2018 fjirde op it WK en ek ferline jier die se mei op it EK. Doe waard Nederlân fiifde.

Kwalifikaasjetoernoai begjint tiisdei

De follybalsters begjinne tiisdei oan it kwalifikaasjetoernoai yn Apeldoorn. Yn de pûlfaze binne Azerbeidzjan, Bulgarije en Poalen de tsjinstanners. De bêste twa fan de pûl geane nei de heale finale. Allinnich de winner fan de finale pleatst him foar de Olympyske Spelen yn Tokio, letter dit jier.

(advertinsje)
(advertinsje)