Trainer Jasper Bouma langer by VV Bûtenpost

05 jan 2020 - 16:39

Fuotbalferiening Bûtenpost hat it kontrakt mei trainer Jasper Bouma en assistint-trainer Wietse van der Veen mei in jier ferlinge. Se binne beide dwaande oan harren earste seizoen by de klup yn de haadklasse B.

Jasper Bouma lâns de kant by de útwedstriid tsjin Genemuiden - Foto: www.orange-pictures.nl

Neffens it bestjoer fan Bûtenpost is der in goede klik mei Bouma en Van der Veen. "Jasper is in jonge, 'gedreven' trainer dy't by ús klup past. Wietse is hiel loyaal en mei syn ûnderfining in goed oanfolling yn de technyske stêf", seit waarnimmend foarsitter Rudi Stuursma. De spilersgroep woe ek dat beide trainers langer bleaune.

Better spylje as in jier lyn

Bûtenpost stiet op it stuit op it lêste plak yn de haadklasse B, mar neffens it bestjoer spilet de klup somtiden better as foarich seizoen. De punten komme allinnich noch net.

Bouma makke ferline seizoen de oerstap fan BCV, de klup dy't opgong is yn fúzjeklup FC Burgum. Hy hat it nei it sin by Bûtenpost. "Ik fielde my hjir direkt thús", seit er. "De miening fan de spilersgroep wie it wichtichste om noch in seizoen troch te gean."

Takom freed giet Bûtenpost nei it Spaanske Benidorm foar in trainingskamp. In goede wike letter begjint de kompetysje wer.

(advertinsje)
(advertinsje)