Ljouwerter boatedief oppakt

10 jul 2012 - 11:57

De plysje hat in 39-jierrige Ljouwerter oppakt dy't bekend hat dat er op 30 juny in speedboat stellen hat út de jachthaven fan Balk. Fia Burgernet wiene tsjûgen oproppen út te sjen nei de speedboat. De plysje krige in tip dat der auto stien hie by it terrein fan de jachthaven. Dy stie op namme fan de Ljouwerter. De man is ferline wike oanhâlden en de boat waard weromfûn yn de jachthaven fan Snits. De boat is werom nei de eigner, tsjin de Ljouwerter is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Balk speedboat
(advertinsje)