Plysje siket twa jonges yn Drachten nei berôving mei mes

De plysje siket twa jonges yn Drachten nei in berôving sneintemiddei. By dy berôving op de Overstesingel waard ek in mes sjoen, neffens de plysje. De twa jonges soene in jier as 14 of 15 wêze.
© Omrop Fryslân
Nei de berôving gongen de jonges op de fyts yn de rjochting fan de wyk De Drait. Ien fan de jonges hat in ljochte hûdskleur, de oare in dûnkere. Se ha beide in swarte jas oan mei in kapusjon.
De plysje meldt neat oer in slachtoffer.