Hispel brânt út op tafel by ytkafee yn Strobos

05 jan 2020 - 15:41

By ytkafee De Vriesche Herberg yn Strobos is sneintemiddei yn hispel yn brân flein. De hispel lei op in tafel en waard brûkt om fjouwer waarmtekacheltsjes brâne te litten.

Foto: De Vries Media

Foarbygongers seagen de brân en makken der melding fan. Dêrtroch wie de brânwacht gau teplak.

Brânwachtlju ha de brân útmakke. Dêrnei binne de tafel en de hispel nei bûten brocht. Yn it pân hong in protte reek troch de brân. De brânwacht hat it pân fentilearre. Der is wol wat reek- en wetterskea.

Trefwurden: 
brân Strobos ytkafee
(advertinsje)
(advertinsje)