20-jierrige Sven Roes út Gytsjerk ferrast mei titel op NK shorttrack

05 jan 2020 - 14:56

De 20-jierrige Sven Roes út Gytsjerk is de nije Nederlânsk kampioen shorttrack. Yn de superfinale yn de Ljouwerter Alvestêdehal waard er twadde en dat wie genôch om de konkurrinsje foar te bliuwen yn it klassemint.

Sven Roes nei't er de titel pakte - Foto: www.orange-pictures.nl

Foar de superfinale wie Sven Roes koprinner yn it klassemint, mei 57 punten. Syn foarsprong op Daan Breeuwsma wie mar twa punten. Ek Dylan Hoogerwerf (42) en Itzhak de Laat (37) makken noch kâns op de nasjonale titel.

Oare ôfstannen

By de 1.000 meter is Daan Breeuwsma fan Akkrum earste wurden, folge troch Sven Roes en Friso Emons fan Tilburg. By de 500 meter wie de top trije Dylan Hoogerwerf, Itzhak de Laat en Jens van 't Wout.

Op de 1.500 meter soarge Sven Roes ek al foar in grutte ferrassing troch te winnen, foar Daan Breeuwsma en Friso Emons.

Utslaggen

500 meter

1. Dylan Hoogerwerf
2. Itzhak de Laat
3. Jens van 't Wout

1000 meter

1. Daan Breeuwsma
2. Sven Roes
3. Friso Emons

1500 meter

1. Sven Roes
2. Daan Breeuwsma
3. Friso Emons

Superfinale (3000 meter)

1. Jens van 't Wout
2. Sven Roes
3. Dylan Hoogerwerf

Einklassemint

1. Sven Roes 78 punten
2. Daan Breeuwsma 63
3. Dylan Hoogerwerf 55
4. Jens van 't Wout 52
5. Itzhak de Laat 39

(advertinsje)
(advertinsje)