Flotter fergaderje yn Dokkum

10 jul 2012 - 11:40

De gemeenteried fan Dongeradiel fergaderet nei de simmer neffens in nije struktuer. Dy moat mear romte jaan oan ynspraak en soargje foar in fluggere ôfhanneling fan stikken. It giet om in proef dy't yn de rin fan takom jier evalueerre wurdt. Der is earst in ynformative byienkomst, dêr't bygelyks boargers, bedriuwen en organisaasjes ynsprekke kinne.

In wike letter folget dan in opiniearjende gearkomste. Dêryn wurde de hamerstikken ôfhannele en de besprekpunten op de aginda set. Dy wurde twa wike letter besprutsen yn de riedsgeearkomste.

(advertinsje)