Suzanne Schulting falt yn superfinale, mar is dochs Nederlânsk kampioene

05 jan 2020 - 14:07

Suzanne Schulting fan De Tynje is Nederlânsk Kampioene wurden op it NK Shorttrack yn Ljouwert. Sy wûn op de 1.500, 1.000 én 500 meter. Dêrtroch koe se yn de superfinale net mear ynhelle wurde en stie har kampioenskip al fêst. Yn dy superfinale gong se ûnderút, mar dat makke foar de titel dus neat mear út.

Suzanne Schulting - Foto: Orange Pictures

Yn 2017 is Suzanne Schulting ek al ris Nederlânsk kampioene wurden. Doe pakte sy alle trije ôfstannen én de superfinale.

De superfinale wie no in proai foar Xandra Velzeboer. Schulting lei wol sawat oardel rûntsje foar op de konkurrinsje, mar doe gie se ûnderút. Se kaam úteinlik as sânde oer de streek.

Rianne de Vries twadde

It twadde plak yn it einklassemint gong ek nei in Friezinne: Rianne de Vries út Akkrum pakte it sulver. It brûns wie foar Lara van Ruijven, dy't ferline jier noch de titel pakte.

Oare ôfstannen

Twadde by de 1.000 meter is Rianne de Vries wurden, en tredde waard Lara van Ruijven. Plak twa en trije by de 500 meter wiene Yara van Kerkhof en Rianne de Vries. Op de 1.500 meter wiene twa en trije Rianne de Vries en Lara van Ruijven.

Utslaggen

500 meter

1. Suzanne Schulting
2. Yara van Kerkhof
3. Rianne de Vries

1000 meter

1. Suzanne Schulting
2. Rianne de Vries
3. Lara van Ruijven

1500 meter

1. Suzanne Schulting
2. Rianne de Vries
3. Lara van Ruijven

Superfinale (3000 meter)

1. Xandra Velzeboer
2. Lara van Ruijven
3. Gioya Lancee

Einklassemint

1. Suzanne Schulting 105 punten
2. Rianne de Vries 63
3. Lara van Ruijven 52
4. Xandra Velzeboer 47
5. Yara van Kerkhof 27

(advertinsje)
(advertinsje)