Sven Roes fan Gytsjerk grutte ferrassing op 1.500 meter by NK shorttrack

05 jan 2020 - 12:22

Yn Ljouwert binne oan de ein fan de moarn de finales op de 1.500 meter ferriden op it NK shorttrack. By de manlju soarge Sven Roes fan Gytsjerk foar in grutte ferrassing. Hy gie op ymposante wize Daan Breeuwsma en Friso Emons foarby. It slagge him net om by de 500 meter te winnen. Suzanne Schulting waard by de froulju op de 500 en 1.500 meter earste.

Foto: Orange Pictures

Ithzak de Laat waard teloarstellend fjirde. Dit binne allegearre manlju dy't yn de nasjonale trainingsseleksje meidogge, dêrom is de winst fan Roes in wol in stunt.

500 meter manlju

By de 500 meter foar de manlju einige Dylan Hoogerwerf fan Wateringen op it earste plak. Itzhak de Laat fan Ljouwert waard twadde en Jens van 't Wout tredde. Nei twa ôfstannen stiet Dylan Hoogerwerf no earste. Sven Roes stiet twadde, De Laat tredde en Breeuwsma fjirde.

Schulting dominearret op 500 en 1.500 meter

By de froulju wie de ferrassing minder grut, dêr einige Suzanne Schulting op it earste plak. Dat die sy mei gemak, in pear rûntsjes foar de ein koe sy al fuortride by de oaren wei. Rianne de Vries en Lara van Ruijven binne twadde en tredde wurden.

Ek op de 500 meter dominearre Suzanne Schulting yn Ljouwert. Sy einige foar Yara van Kerkhof, Rianne de Vries (fan Akkrum), Monique Velzeboer en Lara van Ruijven. Schulting stiet op dit stuit ek earste yn it klassemint, folge troch Rianne de Vries.

Suzanne Schulting - Foto: Orange Pictures
(advertinsje)
(advertinsje)