Sjinkie Knegt teloarsteld yn bûnscoach Jeroen Otter: “Ik bin wat lêbich”

Sjinkie Knegt hopet noch altyd op dielname oan it Europeesk Kampioenskip, dat ein dizze moanne yn Hongarije is. "Ik tink dat ik fan wearde wêze kin foar de relayploech." Knegt seit dat nei oanlieding fan de wurden fan bûnscoach Jeroen Otter, dy't tsjin de NOS sei dat hy tinkt oan in rentree heal febrewaris yn Dordrecht by de wrâldbeker.
Sjinkie Knegt teleurgesteld
Knegt is teloarsteld oer de wurden fan syn coach. Hy is fit, knapt goed op fan syn brânwûnen en hopet op dielname oan it EK yn Debrecen. Net as dielnimmer oan it yndividuele toernoai, mar mei de relayploech."
Neffens bûnscoach Jeroen Otter moat Sjinkie Knegt noch efkes geduld hawwe. "Hij heeft nog tijd nodig, want Sjinkie wil meteen om een podiumplek strijden. Hij is nu iets té enthousiast." Knegt is it dêr lykwols net mei iens.
Sjinkie Knegt © Orange Pictures