Wynjewâld dwaande mei ferkearsfeiligens

05 jan 2020 - 11:31

It pleatslik belang fan Wynjewâld is dwaande om in plan te meitsjen om de ferkearsfeiligens yn it doarp te ferbetterjen. In wurkgroep hat in rapport opsteld dat yntsjinne wurdt by de gemeente Opsterlân. Dêr steane tal fan foarstellen yn om de feiligens te febetterjen en oerlêst te ferminderjen.

Gerstegels oan de Weinterp yn Wynjewâld - Foto: Google Street View

De wurkgroep Ferkear en Feiligens hat in ynformaasjejûn organisearre yn MFC De Swingel. Dêr binne in tal oanbefellingen opsteld. Sa wol pleatslik belang graach in poartekonstruksje yn de Merkebuorren, de haadstrjitte troch it doarp. It giet dan om om de plakken dêr't de 30-kilometersônen begjinne, oan wjerskanten fan de dyk.

Stillere gerstegels

It giet net allinne om feiligens, mar de wurkgroep wol ek mooglike oerlêst beheine. Sa sjogge sy graach dat de gerstegels njonken de Weinterp ferongen wurde troch in stillere fariant. Der leit al in proefstrook en dêr is pleatslik belang oer te sprekken.

Rydsnelheid ferleegje

Fierder wolle sy graach dat der yn de Weinterp fersmellingen komme yn it 60-kilometertrajekt. As de brêge yn de Mouneleane boppe it doarp ferfongen wurdt, wol pleatslik belang dêr ek graach oanpassingen om de rydsnelheid te ferleegjen. De dyk fan de Merkebuorren East oant de krusing mei de tagongsdyk nei Ald Duerswâld soe op 'e nij befluorre wurde kinne. As lêste wol de wurkgroep graach dat it ferkear dat fan rjochts op de Duerswâldmerwei komt, foarrang krijt.

(advertinsje)
(advertinsje)