Doarpsbelang Dronryp sit yn noed oer âldereinkompleks Drenningahof

05 jan 2020 - 12:25

It doarpsbelang fan Dronryp hat soargen oer hoe't it komt mei Drenningahof, it âldereinkompleks dat op dit stuit yn de ferkeap stiet. It doarpsbelang skriuwt yn de doarpskrante dat it 'nog maar afwachten' is wat in eventuele keaper dermei dwaan sil. It trajekt wurdt yn it doarp op 'e foet folge.

Drenningahof - Foto: Google Street View

Neffens doarpsbelang hat ek gemeente Waadhoeke noch wat te sizzen oer Drenningahof, om't it in saneamde 'toegelaten instelling' is. Dat hat by ferkeap ek tastimming fan de gemeente nedich. "Deze situatie baart ons, als bestuur Dorpsbelang, wel enige zorgen," skriuwt Peter Tangheitter út namme fan it bestjoer.

Alder kompleks

It kompleks oan de Hearewei is te keap set troch wentekorporaasje Habion, dat yn Utrecht sit. Yn Drenningahof sitte 60 apparteminten, in tsjinstwenning en fjouwer garaazjeboksen. Lang net alle apparteminten wurde op dit stuit troch âlderein bewenne en der is ek in soad leechstân. Dat soe te krijen hawwe mei it âlder wurden fan it pân út 1973 en mei de kar fan âlderein om faker yn oare wenfoarsjenningen te wenjen. Der binne 39 apparteminten bewenne neffens de makelder.

Fraachpriis

De koöperaasje Wonen NW-Friesland en gemeente Waadhoeke hawwe ferskate kearen mei Habion om tafel sitten, mar fanwegen de hege fraachpriis soene sy der net útkaam wêze. Der leit wol in eksploitaasjeferplichting op it kompleks, dus it kin net samar sloopt wurde en de minsken dy't der wenje kinne der wenjen bliuwe.

Belangstellenden koene harren oant 13 desimber bekend meitsje by Hoekstra Bedrijfsmakelaars. It is noch net bekend oft it kompleks ferkocht is.

(advertinsje)
(advertinsje)