Boekekast #15: 'Wek yn 'e rivier' fan Durk van der Ploeg

Fynsto it leuk om nei Fryske ferhalen te harkjen? Dan hawwe wy goed nijs foar dy. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân in podcast ûntwikkele mei de moaiste Fryske boeken en ferhalen fan dit momint: de Boekekast. Yn dizze fyftjinde Boekekast kinst harkje nei in fragmint út 'Wek yn 'e rivier' fan Durk van der Ploeg. Rein Tolsma lêst foar út it boek.
'Wek yn 'e rivier' is it ferhaal fan in húshâlding dy't troch de oarloch útinoar skuord wurdt, ferteld troch de broer dy't in libben lang yn it skaad stiet fan Ake. De húshâlding libbe mei in pear ûnderdûkers op in pleats yn de Dongeradielen. De famylje rekke yn it fersetswurk. Mei jonges fan 'e Knokploeg wiene de heit, Ake en syn broer oan it wachtsjen op fleantugen dy't wapens droppe soene foar it ferset.
Dizze ôflevering fan Boekekast is krekt as de oare ôfleveringen te beharkjen op Spotify.

Durk van der Ploeg

Durk van der Ploeg hat in mânsk oeuvre op syn namme stean. Yn 2011 kaam de omnibus 'De oarloch fan Durk van der Ploeg' út, in werútjefte fan de romans 'It wrede foarjier', 'Reis nei de Kalkman' en 'It lekken oer de spegel' yn ien bân. Yn de romans stiet de Twadde Wrâldoarloch sintraal. Mei 'Wek yn 'e rivier', yn 2019 útjûn troch Het nieuwe Kanaal, skreau Durk van der Ploeg op 'e nij in boek dêr't de oarloch in sintraal plak ynnimt.
De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen en fragminten út Fryske boeken. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân. Sechtjin wiken lang wurdt alle sneinen in nij ferhaal of fragmint publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcast-app en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.