Earste Alvestêdewinneres yn sportdokumintêre, mei tank oan Fryske bylden

05 jan 2020 - 21:58

Yn it NTR-programma Andere Tijden Sport is snein oandacht foar Lenie van der Hoorn-Langelaan. Sy kaam op 21 febrewaris 1985 as earste frou oer de finish yn de Alvestêdetocht, in skoftke nei Evert van Benthem. Der wie doedestiids net in soad oandacht foar har prestaasje, bylden binne der hast net makke. It wie lykwols bysûnder, want it wie foar it earst dat froulju meidwaan mochten oan de tocht.

Lenie van der Hoorn-Langelaan yn Bartlehiem - Foto: Andere Tijden Sport

Yn septimber die it telefyzjeprogramma in oprop: der wiene gjin profesjonele fideobylden fan har makke. "Ik zeg het met het schaamrood op de kaken, maar de NOS heeft geen oog gehad voor de vrouwen tijdens die Elfstedentocht", sei Kees Jongkind fan Andere Tijden Sport earder. It wie in ûnsichtbere winneres.

Amateurbylden fûn yn Fryslân

Dêrom hat ek Omrop Fryslân de fraach steld wa't noch bylden hie fan in ridende Lenie van der Hoorn. Yn oktober makke it Fries Film Archief bekend dat dêr twa fragminten út amateurfilms fûn binne fan nei de finish, wêrfan ien dat sy har stimpel hellet op de Bonkefeart yn Ljouwert.

Optein

Ek by it argyf yn Ljouwert wiene sy optein dat der dochs noch fideomateriaal fûn is. "Benammen troch dat stimpelbyld, en dat sy yn de earmen fan har trainer of man falt. Tige bysûnder," sei Syds Wiersma fan it Fries Film Archief.

De útstjoering fan Andere Tijden Sport is snein om 22.10 op NPO1 te sjen.

Lenie nei de finish - Foto: Fries Film Archief
(advertinsje)
(advertinsje)