Man naait út nei ûngelok en is nei efterfolging pakt yn Damwâld

05 jan 2020 - 10:04

It hat noch aardich wat muoite koste om in 34-jierrige fertochte út de gemeente Dantumadiel oan te hâlden. Sneon soe dizze man oan de Groningerstraat yn Ljouwert in oanriding feroarsake hawwe. De plysje koe de fertochte lykwols net foar Damwâld oanhâlde. De bestjoerder naaide út en in efterfolging troch de plysje einige op de Bûterblom yn it doarp.

Ien fan de plysjeweinen yn Damwâld - Foto: De Vries Media

It ûngelok wie om kertier foar achten hinne yn Ljouwert. De fertochte ried hurd fuort, mar waard letter troch plysjeminsken fûn. Yn Damwâld is de bestjoerder efterfolge, dêrby is ien fan de plysjeweinen tsjin in pealtsje riden. De efterfolging gie geandefoets fierder, mar lang om let koe de man wol oanholden wurden.

De plysje is úteinset mei in ûndersyk en wol ek graach mear ynformaasje oer it ûngelok earder op de jûn. De plysje is ek op syk nei de oanriden tsjinpartij.

(advertinsje)
(advertinsje)