Sykaksje nei skutter Mearum

10 jul 2012 - 11:11

De plysje Grinslân freget minsken yn Fryslân út te sjen nei in hege, pearse auto mei dêrop gouden letters. De bestjoerder fan de auto soe yn Mearum in man deasketten ha, wêrnei't er yn de auto útnaaide. Dy is tiisdeitemoarn foar it lêst sjoen op de N388 ridende fanút Marum rjochting Fryslân. De auto hat in Belgysk kenteken. De plysje is in klopjacht begûn. It slachtoffer wurke as fertsjintwurdiger foar in bedriuw yn Drachten.

Minsken dy't de auto riden sjogge, moatte 112 belje en net sels yn aksje komme.

By it sjitynsidint oan de Langestraat yn Mearum is tiisdeitemoarn om ûngefear 7 oere foar de yngong fan it swimbad in man deasketten. Tsjûgen seagen koart nei it ynsidint de pearse auto fuortriden. It plak fan it ynsidint ôfsietten foar it ûndersyk. Oer de tadracht fan it ynsidint is noch neat dúdlik.

Trefwurden: 
sykaksje skutter Marum N388
(advertinsje)