Jorrit Bergsma wint op yndrukwekkende wize maraton yn Thialf

04 jan 2020 - 22:08

Jorrit Bergsma fan Aldeboarn hat sneontejûn de maraton yn Thialf op It Hearrenfean wûn. De Fries naam twa-en-in-heale ronde foar de ein ôfstan fan it lytse peloton dat noch oer wie en kaam solo oer de streek. Gary Hekman waard twadde en de Belch Bart Swings kaam as tredde oer de finish.

By de maraton stie ek Douwe de Vries fan Hallum, no wenjend op It Hearrenfean, oan de start. De reedrider moast op it NK op de langebaan op de slotdei noch ôfsizze fanwegen de gefolgen fan in longûntstekking.

Lange tiid slagge der op It Hearrenfean gjinien der yn om by it peloton fuort te kommen. Bart de Vries fan It Hearrenfean besocht it in tal kear, mar hy waard kear op kear weromhelle.

Bergsma mist slach

Mei noch 55 ronden te gean slagge it in groep fan 22 man, mei ûnder oaren Bart en Douwe de Vries, wol om fuort te kommen. Jorrit Bergsma hie yn earste ynstânsje de slach mist, mar hy slagge der op yndrukwekkende wize yn om allinnich it gat te oerbrêgjen.

Dy groep hie úteinlik tsien ronden nedich om oan de achterkant fan it peloton wer oan te sluten en dus stie it grutste part fan de dielnimmers mei noch 45 ronden te gean op in ronde efterstân.

It peloton sprinte úteinlik mei noch tsien ronden op it boerd ôf. Dy sprint waard wûn troch de Nij-Seelânske Peter Michael, wêrmei't hy dus op it 24e plak einige.

Finale

Yn de finalegroep fan noch 23 man siet ek Gary Hekman, dy't earder dizze wike noch de Nederlânske titel pakte. En dus like Bergsma te tinken dat it gjin goed plan wie om de einsprint ôf te wachtsjen. Hy ried mei noch 2,5 ronden te gean fuort by de groep en kaam úteinlik solo oer de streek. Hekman en Swings makken it poadium kompleet.

Froulju

By de froulju waard earder op de jûn Marijke Groenewoud fan Hallum twadde. Yn de einsprint wie Irene Schouten te rap. De Italiaanske Francesca Lollobrigida waard tredde.

Foto: Orange Pictures
(advertinsje)
(advertinsje)