Irene Schouten yn einsprint maraton wer te rap foar Groenewoud

Marijke Groenewoud fan Hallum is sneontejûn twadde wurden by de maraton yn Thialf op It Hearrenfean. Yn de einsprint wie, lykas op nijjiersdei yn Enschede, Irene Schouten te rap. De Italiaanske Francesca Lollobriga waard tredde.
Marijke Groenewoud
De earste demarraazje fan de wedstriid wie fan Ineke Dedden fan It Hearrenfean. Sy besocht om allinnich fuort te kommen en pakte in gat fan tsien sekonden op it peloton. Favoryt Irene Schouten ried it gat lykwols al gau wer ticht.
Mei noch likernôch 30 rondes te gean krige Pien Keulstra in gatsje mei it peloton, mar op 'e nij wie it de ploech Royal A-ware, diskear mei Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean, dy't de foarsprong tichtried.

Kleibeuker op dreef

Efkes letter besocht Kleibeuker it sels mei fiif oare rydsters ek noch om fuort te kommen, mar ek die poging waard yn de kym smoard troch it peloton.
De lêste serieuze poging om de wedstriid net yn in massasprint einigje te litten, kaam fan Jade van der Molen. Sy pakte hast in heale ronde, mar mei noch acht rondes op it boerd waard ek sy werompakt troch Kleibeuker en dus wie in einsprint ûnûntkomber.

Einsprint

Groenewoud siet yn de lêste ronde goed posisjonearre, mar sy koe yn de sprint de machtige klappen fan Schouten net byhâlde. Op it lêste rjochte stik gie se de oare topfavorite, Lollobrigida, noch wol foarby.

Klassemint

Troch it twadde plak stiet Groenewoud no fyfde yn it klassemint. Dêrmei is se de bêste Friezinne. Groenewoud giet ek oan de lieding yn it jongereinklassemint.
Manon Kamminga, dy´t op nijjiersdei noch tredde waard op it NK yn Enschede, stie sneontejûn net oan de start. De reedrydster fan It Hearrenfean melde har ôf fanwegen sykte.
© Orange Pictures