Seinstra oer lêste Alvestêdetocht: "It besef wurdt noch hieltyd sterker"

04 jan 2020 - 20:11

"Ik haw sa'n gelok hân dat der krekt in Alvestêdetocht kaam doe't ik noch maratons ried. Dat besef wurdt hieltyd sterker." Dat sei Klasina Seinstra, winner fan de lêste Alvestêdetocht yn 1997, yn Sneon yn Fryslân by Omrop Fryslân.

Foto: Martin de Jong

Sneon is it eksakt 23 jier lyn dat der foar it lêst in Alvestêdetocht ferriden waard. Dat barde op 4 jannewaris 1997. "It is dochs net foar te stellen dat der noch gjin nije west hat", fertelt Seinstra. "Noch hieltyd tink ik elke moarn as ik fan bêd kom: wêr soe ik no ûngefear wêze kwa tiid?"

Wannear't der wer in Alvestêdetocht komt, wol de âld-winner him noch hiel graach in kear ride. "Yn de toer dan fansels. Mar ik haw ek noch in maratonteam dat ik begeliede moat, dus ik stean wat yn 'e spagaat. Mar myn man is der ek faak by, dus miskien soe dy dat dan dwaan kinne!"

Bewuster meimeitsje

Om de sfear om de tocht hinne mei te meitsjen, is dochs wol in grutte dream fan Seinstra. "Ik liket my super. Ik koe yn 1997 fansels gjin kofje of sûkelademolke nimme. By in nije Alvestêdetocht soe ik it allegear folle bewuster meimeitsje kinne."

Ek by it Reedrydmuseum yn Hylpen sitte se te wachtsjen op in nije Alvestêdetocht, nei 23 jier ôfwêzigens.

Klasina Seinstra oer de Alvestêdetocht

(advertinsje)
(advertinsje)