Sjinkie Knegt makket mooglik takom moanne shorttrackrentree

04 jan 2020 - 19:01

Sjinkie Knegt makket healwei febrewaris mooglik syn rentree yn it shorttrack. Dat sei bûnscoach Jeroen Otter sneon tsjin de NOS. Op 14, 15 en 16 febrewaris stean yn Dordrecht de wrâldbekerwedstriden op it programma.

Foto: ANP

"Hoe mooi is het om Sjinkie voor eigen publiek te kunnen laten starten", seit Otter, dy't oanwêzich wie by de Nederlânske kampioenskippen shorttrack yn de Ljouwerter Alvestêdehal. "Hij heeft nog tijd nodig, want Sjinkie wil meteen om een podiumplek strijden. Hij is nu iets té enthousiast."

Lang revalidaasjetrajekt

Begjin jannewaris ferline jier rekke Sjinkie Knegt swierferwûne doe't er de houtkachel thús mei thinner oanstekke soe. Hy rûn slimme brânwûnen op. Nei in lang revalidaasjetrajekt stiet de Bantegeaster yntusken wer op it iis.

Trefwurden: 
Sjinkie Knegt shorttrack
(advertinsje)
(advertinsje)