UNIS Flyers ferslaan hikkesluter Tilburg nei matich begjin

04 jan 2020 - 18:59

De UNIS Flyers hawwe sneontejûn it Tilburg Trappers Toekomstteam ferslein. Yn Tilburg waard it 5-8. De Feanster iishockeyers bliuwe koprinner fan de BeNeLeague.

Foto: UNIS Flyers

De Flyers begûnen net al te bêst tsjin de hikkesluter en kamen yn de sânde minút op efterstân troch in doelpunt fan Van Uijtrecht en in minútsje letter wie it ek al 2-0 nei in goal fan Bruijn. De Feansters werpakten harren gau, want Trevor Peterson en Juha Kiilholma soargen derfoar dat it nei in kertierke al wer lyk wie.

Yn de twadde perioade pakten de Flyers de foarsprong troch nei in goal fan Lars den Edel, mar al gau makken de Tilburg Trappers wer lyk mei in goal fan Joey Mei. In minútsje letter makke Den Edel syn twadde al wer en pakte sa de foarsprong wer. Krekt foar it skoft skeat ek Petersen in penalty binnen en soarge sa foar de 3-5.

De Flyers besochten yn de tredde perioade de foarsprong út te wreidzjen, mar slaggen dêr net echt yn. Trevor Hunt skoarde de 3-6, mar it waard fuort ek wer 4-6. In pear minuten letter barde dat wer: Hunt makke de 4-7, mar Leppers sette de Trappers wer op 5-7. Krekt foar tiid skeat Jasper Nordemann noch de 5-8 binnen.

(advertinsje)
(advertinsje)