Fraksjefoarsitter FNP: "Lûd fan de regio klinke litte yn lanlike polityk"

Der lizze kânsen foar de FNP yn de lanlike polityk. Polityk liedster Corlienke de Jong hat dat sneontemiddei sein op de nijjiersgearkomste fan de partij yn Hallum.
Nijjiersgearkomste FNP
FNP'er Germ Gerbrandy sit no yn de Earste Keamer foar de OSF, in gearwurkingsferbân fan regionale partijen. As je dy OSF omfoarmje soene ta in 'partij fan de regio's' dy't meidocht oan de Twadde Keamerferkiezings, dan kin soks wolris in soad stimmen opsmite.

Lûd fan de regio

De aktuele diskusje oer de kleau tusken Rânestêd en regio jout oan dat it hurd nedich is dat der yn Den Haach in partij komt dy't it lûd fan de regio klinke lit, tinkt Corlienke de Jong. De FNP sil soks lykwols net op eigen manneboet dwaan, mar yn oparbeidzjen mei oare regionale partijen út ûnder oare Grinslân en Limboarch.
De FNP naam begjin dizze iuw noch it beslút om foarearst net mei te dwaan oan Twadde Keamerferkiezings. Mar neffens De Jong is de situaasje no oars en is der alle reden om op 'e nij te besykjen om yn gearwurking mei oare regionale partijen yn de Twadde Keamer te kommen. De partij moat hjir dan wol mei oan de slach, want de earstfolgjende Keamerferkiezings binne yn 2021.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Fraksjefoarsitter Corlienke de Jong oer de lanlike ambysjes fan de FNP