FIDEO: UNIS Flyers sette 2020 útein mei winst

04 jan 2020 - 17:28

De iishockeyers fan de UNIS Flyers binne it nije jier goed úteinset. Yn de earste wedstriid fan 2020 waard Chiefs Leuven mei 8-1 ferslein. Yn de reportaazje de hichtepunten en reaksjes fan de Flyers, dy't healweis de BeNeLeague koprinner binne. De Flyers spylje 15 jannewaris de bekerfinale tsjin Nijmegen yn Eindhoven. De finale begjint dan om 20.00 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)