Dennis Veenker trettjinde op Europeesk kampioenskip bobslydzjen

04 jan 2020 - 16:47

Dennis Veenker fan Damwâld is yn de fjouwermansbob trettjinde wurden op it Europeesk kampioenskip bobslydzjen. Der waard ek slide foar de wrâldbeker, de Nederlanners hellen dêr it santjinde plak.

Foto: Dennis Veenker

De winst op it EK gong nei Johannes Lochner, Christopher Weber, Florian Bauer en Christian Rasp út Dútslân. Sy einigen yn de winnende tiid fan 1.50,54. De Dútsers gongen ek oan de haal mei de winst yn de wrâldbeker.

It Nederlânske team, mei neist Veenker ek Ivo de Bruin, Joost Dumas en Janko Franjic, waard foarich jier noch sechde.

(advertinsje)
(advertinsje)