Jan Schulting wurdt trainer by fuotbalklup Pelikaan S

Jan Schulting, de heit fan shorttrackster Suzanne Schulting, wurdt de nije haadtrainer fan fuotbalklup Pelikaan S yn Oostwold (Grinslân). Dat meldt de klup op harren webside. Schulting folget John de Hoop op en hat in kontrakt foar oardel jier sletten.
© Awfoto.nl
Begjin ferline jier hold Schulting op as trainer fan de Ljouwerter fuotbalklup FVC. Dêrfoar wie Schulting ûnder mear aktyf by de froulju fan SC Hearrenfean en ferskate amateurklups. As fuotballer spile hy hiel wat wedstriden foar Sportklup Hearrenfean.