'Lik-op-stik' op Skylge: boete

10 jul 2012 - 10:30

In 16-jierrige jonge út Zwartebroek hat moandeitemiddei op Skylge in fikse boete krigen foar balstjurrigens. Hy hie mei in pear freonen oan in stange yn in bus hongen, dy't dêrtroch knapt wie. De sjauffeur warskôge de plysje en dy spruts it groepke oan op de Willem Barentszkade yn West-Skylge.

De 16-jierrige joech ta dat hy as lêste oan de stange hongen hie en dat dy dêrnei stikken gong wie. De jonge krige in boete fan 220 euro, dy't er fuortendalik betelje moast.

Yn de simmer jildt in lik-op-stik-belied op Skylge, wêrby't direkt in bekeuring útdield wurdt by oertredings.

Trefwurden: 
boete
(advertinsje)