Omrop TIP: De Roma yn de Bulgaarske Kulturele Haadstêd Plovdiv

04 jan 2020 - 14:03

Yn jannewaris 2019 naam de Bulgaarske stêd Plovdiv it stokje oer fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd fan Europa mei as liedend tema 'Zajedno/Mei-inoar'. Mar Plovdiv is ek de stêd mei it grutste Roma-getto fan de Europeeske Uny. Tsientûzenen Roma wenje apart yn de earme wyk Stolipinovo. Profitearje de Roma wol mei fan de wolfeart en de ûntwikkeling fan de Europeeske Uny of wurdt de ôfstân tusken Roma en Bulgaren allinnich mar grutter?

FryslânDOK reizge nei Plovdiv, lykas wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert, en stjitte benammen op argewaasje en spanningen tusken de twa befolkingsgroepen.

Spanning

De bedoelingen yn Plovdiv liken net ferkeard. De earste kulturele haadstêd fan Bulgarije moast it iuwenâlde Plovdiv yn ien kear op de kaart fan Europa sette. Tagelyk woe de stêd wurkje oan bettere ferhâldingen tusken Bulgaren en Roma. Mar as dan in pear dagen foar de offisjele iepening yn in buorgemeente fan Plovdiv Roma midden yn de winter út harren hûs jage wurde rinne de spanningen heech op en belibbet Plovdiv 2019 in falske start, ek ta argewaasje fan de boargemaster.

Roma-aktiviste Lilyana Kovatcheva yn petear mei programmamakker Bart Kingma - Foto: Omrop Fryslân

'Europa' is in rige fan 3 dokumintêres oer minderheden yn Europa. Fryslân DOK wurdt útstjoerd troch NPO2 op sneon 4 jannewaris om 15.30 oere (mei Nederlânske ûndertitels). Op snein 5 jannewaris is Fryslân DOK te sjen by Omrop Fryslân om 17.00 oere (werhelling alle oeren).

(advertinsje)
(advertinsje)