Tankber wurk: muzyk yn de soarch smyt fleurigens op

It wurket hielsum. Muzyk kin minsken dy't siik binne efkes út harren soargen helje. En foar minsken dy't demintearje is muzyk in prachtige wize om efkes de dei te trochbrekken en de sinne wer efkes skine te litten. Yn hast alle ferpleechhuzen binne muzyksesjes. Minsken fleurje der hiel bot fan op as der muzyk makke wurdt en se meisjonge kinne.
Sander Metz is muzikant. Hy giet by sa'n 45 ferpleechhuzen del om muzyk te meitsjen mei demintearjende âlderein. Ek yn ferpleechhûs De Lijte yn Oerterp silet Sander ferskes en der wurdt dan entûsjast meisongen. Alde ferskes, en yn dizze tiid fansels ek krystferskes geane der yn as koeke by de âlderein.
"Ik wurd der gewoan fleurich fan", seit ien fan de bewensters fan De Lijte. De fersoargers fernimme ek dat it in goeie ynfloed hat op de bewenners. It ebbet faak noch wol in skoftke nei op sa'n dei.

Tankber wurk

Sander Metz wurke earder as begelieder yn fersoargingshûs Leppehiem yn Akkrum. No is hy as ZZP'er yn te hieren as muzikaal begelieder. Dat wurket hiel goed. Ferskate soarchynstânsjes meitsje gebrûk fan syn tsjinsten. Foar Metz is it mear as in baan. Hy fynt it hiel tankber wurk en genietet der sels ek fan. As jonkje fan in jier as acht spile hy wolris muzyk foar syn beppe en fernaam dat beppe der bliid fan waard. Doe besleat hy dat hy letter minsken bliid meitsje woe mei syn muzyk.
Yn Frjentjser by de Westerpoort wurdt ek in soad muzyk makke. Mei de krystdagen wie der sels in krystbal. Krijn Dijkstra wurket dêr as begelieder mar is fan no ôf offisjeel ambassadeur fan de muzyk by soarchorganisaasje Noorderbreedte. In nije funksje dêr't de soarchgroep muzyk better yn de soarch yntegrearje wol.
It is in syktocht foar Dijkstra mar hy hat der bot nocht oan. Muzyk kin noch folle mear yn de totale soarch fan bygelyks demintearjende âlderein yntegrearre wurde. By fysioterapy kin it bygelyks helpe om te sjongen of moaie muzyk op te setten dêr't minsken goed op reagearje. "Je moatte as fersoarger miskien wol oer in drompel", seit Dijkstra. "Mar it kin de soarch in stik nofliker meitsje."

Ferromjend foar famylje

Foar famyljeleden fan demintearjenden kin muzyk ek ferromming jaan. Op it krystbal sjogge je minsken bliid dûnsjen. Dat is foar partners ek fijn. Der komt dan efkes in glimkje werom, fertelt ien fan de minsken dy't mei syn demintearjende frou by it bal is. No is se wer efkes bliid. "Aanst as wy wer nei de keamer geane, is dat wer fuort" fertelt hy, mar dizze mominten binne dierber".
In muzikale reis yn de soarch
Ek yn oare soarch kin muzyk ferromming jaan. Yn it MCL yn Ljouwert is sûnt april 2019 it projekt Bedside Buskers. Op de ôfdieling Onkology komme regelmjittich muzikanten. Se geane dan by de keamers del en ek op de polyklinyk dêr't minsken in kuer ûndergean. Sander Metz docht ek mei oan dit projekt. It is op frijwillige basis, der wurdt net foar betelle. Mar dat makket him net út.

Rekke troch de musyk

Neffens Carla Bellers fan Bedside Buskers wurket de muzyk hielsum en ferbinend foar de pasjinten. It bringt emoasjes los. Dat kin ek fertriet wêze, mar it wurket hielsum. Sander ûnderfynt dat ek op syn rûte by de keamers del. Hast eltsenien fynt it moai en guon begjinne spontaan te gûlen. Om't se rekke binne troch de moaie muzyk en it feit dat dat foar harren dien wurdt wylst se yn in drege situaasje sitte.
Foar Sander is it spyljen foar slim sike minsken spannend mar benammen hiel tankber. De reaksjes binne waarm en it jout it gefoel dat je wat goeds betsjutte foar dizze minsken. Neffens Carla Bellers wurket dat foar de measte artysten dy't meidogge oan it projekt. As se ien kear west hawwe, dan komme se graach werom.
De folsleine dokumintêre 'Muzyk yn de soarch' is snein op de radio te folgjen yn Buro de Vries, dat programma set om 11.00 oere útein.