Op 'e nij brân yn Ljouwerter loads, mar fjoer gau út

04 jan 2020 - 13:49

Yn de leechsteande loads oan de Harlingertrekweg yn Ljouwert dêr't freedtejûn brân wie, is sneontemoarn om kertier oer alven hinne op 'e nij brân ûntstien. De brânwacht wie lykwols gau te plak en hat der foar soarge dat it fjoer wer gau út wie. De plysje docht ûndersyk nei it ûntstean fan de brân. Op it terrein is ek asbest fûn.

Foto: AS Media
(advertinsje)
(advertinsje)