It is einepikewaar, mar der komme dochs gjin eintsjes by Arum

'Einepikewaar,' dat is in útdrukking foar: tige myld waar. By Arum wie dat sneon lykwols net allinne figuerlik, mar ek efkes letterlik it gefal. Natuerleafhawwer Popke van der Zee ûntduts dêr in einekoer dêr't aaien yn leine. En om de jierwiksel hinne is dat wol tige bysûnder.
De aaien by Arum © Popke van der Zee
"Op âldjiersdei wie ik te fiskjen yn de omkriten fan Arum en doe tocht ik, ferrek, dy koer dêr koe wol in aai yn lizze. Dat kin dochs net in âld aai wêze, dat moat in nije wêze", fertelt Popke van der Zee. "Mar in pear dagen letter, ôfrûne tongersdei, kaam ik dêr wer en doe tocht ik: no wol ik it sjen. En doe leine der ferskate aaien yn. Dat is wol hiel bysûnder."

Dochs gjin farske aaien

Mar wat blykt no: it binne dochs gjin farske aaien. Under de útstjoering fan Sneon yn Fryslân op Omrop Fryslân radio melde hear Mollema fan Arum him. Hy is de eigener fan de einekuorren, dy't dêr by Arum hingje.
"De aaien leine der al mear as in healjier yn", sa fertelde hy. "Se binne doe net útkommen en binne al in skoft rot." Dat betsjut dat der ynkoarten dochs noch gjin einepykjes útkomme sille yn Arum.

Aaien ferlein?

It is wol nuver dat Van der Zee earst mar ien aai lizzen seach, en in pear dagen letter meardere. Mollema hat dêr wol in ferklearring foar: "It kin wêze dat oare bisten se ferlein hawwe, rotten ofsa".
Wol of gjin farske eine-aaien by Arum?
De koer © Popke van der Zee