Man yn stellen auto skuort plysjeman mei by kontrôle en naait út

04 jan 2020 - 14:28

By in kontrôle tusken De Jouwer en It Hearrenfean is freedtejûn in plysjeman meiskuord troch in auto. De plysje sette in as stellen registrearre auto oan de kant en besocht by it pompstasjon by Haskerhoarne it portier fan dizze wein te iepenjen, mar de bestjoerder út Hoofddorp joech gas en naam de plysje tsientallen meters mei.

In plysjekontrôle - Foto: ANP

De agint rekke dêrby net ferwûne. De útnaaide bestjoerder is dêrnei efterfolge en koe lang om let oanholden wurde yn de greide by Tsjalbert.

Ferskate plysjeteams hawwe de man fan Haskerhoarne ôf efterfolge. By Tsjalbert is de man fan de A7 ôfriden en útnaaid yn in greide. De plysje hat de greide fan ferskate kanten ôf besingele en om't der tafallich in plysjehelikopter yn de buert wie, koe de man maklik fûn en oppakt wurde. It die bliken dat de man yn in stellen auto ried.

Plysje-wurdfierder Ernest Zinsmeyer

De plysje Zuidoost-Friesland skreau nei de tiid: "Onze kleding is daarbij wel beetje smerig geworden, maar dat was het allemaal waard."

(advertinsje)
(advertinsje)