Lêste Alvestêdetocht eksakt 23 jier lyn: Reedrydmuseum bliuwt wachtsjen

04 jan 2020 - 12:18

It is eksakt 23 jier lyn dat der foar it lêst in Alvestêdetocht ferriden is: 4 jannewaris 1997. De kâns dat it wer ris barre sil, wurdt hieltyd lytser. It giet hjoed-de-dei faker oer in swim- of fytsâlvestêdetocht as ientsje op de redens. Pieter Bootsma fan Schaatsmuseum Hindeloopen: "Wy rêde ús wol sûnder Alvestêdetocht, mar it is al wer fierstente lang lyn fansels. Wy sitte yn Hylpen wol te wachtsjen op in nije Alvestêdetocht."

Bootsma: "It waar wie wol oars. De jierren 1985 en 1986 leine dêr foar, der lei in flinke plaat iis mar it waar wie net te ferlykjen. Se setten útein mei min fiif om in oer as healwei seizen yn de moarn, en deis wie de gefoelstemperatuer tusken de min tsien en min achttjin, wynkrêft fiif."

Wat as der in nije tocht komt?

En wat no as der wer ris in nije Alvestêdetocht komt? "Dan meitsje wy der romte foar, fansels. Eltse Alvestêdetocht dy't no komt, dêr krije je fansels mear guod fan. De kommersje en it ferhaal deromhinne wurdt hieltyd grutter. It is ek sa dat der twa kear safolle minsken starte. Dat wol net sizze dat eltse nije Alvestêdetocht in gruttere útstalling krijt, mar je moatte wol kieze yn guod. En fan de earste Alvestêdetochten is ek gewoan minder. Dêrnei kamen der mear fotografen, sjoernalisten. Der waard mear skreaun en filme," leit Bootsma fan it reedrydmuseum út.

'De natuer lit him net liede'

Waarman Piet Paulusma sei dizze wike dat hy ferwachtet dat der binnen 7 jier wer in Alvestêdetocht komt. "Ik hoopje dat hy gelyk hat, mar ik doar der myn jild net op yn te setten. De natuer lit him net liede. Dat de Alvestêdetocht wer komt is in ding dat wis is, mar it moat mar krekt meisitte. Net te hurd waaie, net tefolle snie. Yn 2012 sieten wy der ek net fier fan ôf," seit Bootsma.

Pieter Bootsma fan Schaatsmuseum Hindeloopen - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Ferslachjouwer Remco de Vries by it Reedrydmuseum Hylpen

De Alvestêdetocht fan 1997 - Foto: ANP
(advertinsje)
(advertinsje)