Foarútsjen op de Fryske presintaasje fan 'WO2 in 100 foto's'

04 jan 2020 - 11:26

Om't it dit jier 75 jier lyn is dat Nederlân befrijd is, hat it NIOD in lanlik projekt opset om de Twadde Wrâldoarloch yn 100 foto's sjen te litten. Dy wurde keazen út de troch de ferskate provinsjes selektearre foto's. Oer oardel wike, op 15 jannewaris, sille yn it provinsjehûs de 50 Fryske oarlochsfoto's presintearre wurde. Jelle Hoekstra fan Historisch Centrum Leeuwarden en Johan Steendam fan Tresoar sjogge al fêst foarút.

Arno Brok mei ien fan de foto's - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

It publyk koe de ôfrûne tiid stimme op harren favorite foto's út 40-45. De Fryske seleksje is yntusken bekend by de organisaasje. "Wy witte de úteinlike seleksje fan de 50 foto's al. Op 15 jannewaris is der in spesjele gearkomste, dan meitsje wy de kar bekend fan de 50 moaiste foto's fan Fryslân en ek de 25 moaiste foto's dy't trochstjoerd wurde foar de lanlike ferkiezing. Want der komt in útstalling fan 100 foto's yn de Twadde Keamer," leit Jelle Hoekstra nochris út.

Tiidsbyld

Johan Steendam seit mei klam dat it net echt in wedstriid is. "It moat in tiidsbyld jaan fan de Twadde Wrâldoarloch en it giet ek om de ferhalen efter de foto's. Der binne 325 foto's, dêr moatte 100 út keazen wurde. Dat sil barre op 30 jannewaris yn hotel De Wereld yn Wageningen. Dat sil in lange dei wurde."

De úteinlike presintaasje fan de Fryske foto's is op 15 jannewaris yn de Steateseal. "Der is in leuk programma. Frits Barend komt om in ferhaal oer syn famyljeskiednis yn de oarloch te fertellen. Der is in persoan dy't famylje is fan in persoan op in foto dy't dêr wat oer fertelle kin. En fansels is de presintaasje fan de foto's."

Favoriten

Wat binne de favorite foto's fan de twa manlju? Jelle Hoekstra: "Wat ik sels in oansprekkende foto fyn is dat de Kanadezen Ljouwert binnen komme op de Groningerstraatweg. Dêr wenne yngenieur Pieter Stallinga, dy hat dêr kleurefoto's fan makke. Dat is in geweldige en útsûnderlike foto. Je sjogge de blydskip fan de minsken om de tank hinne. De Befrijing wie in unyk barren foar de ynwenners fan Ljouwert."

Johan Steendam kiest ek foar in foto út de haadstêd. "De foto dy't ik hiel moai fyn is in foto dy't nommen is fan in balkon yn de Sint Jacobsstrjitte fan in bombardemint op de fleanbasis. Je sjogge de Aldehou en reekwolken. Je sjogge de grutte gefolgen. Boppedat binne der net in soad foto's út de ein fan de oarloch."

Jelle Hoekstra fan Historisch Centrum Leeuwarden en Johan Steendam fan Tresoar

(advertinsje)
(advertinsje)