Kollum: "Diversiteit"

04 jan 2020 - 08:26

"Sa as alle jierren gean ik ien kear yn it jier mei in oare frou nei in feestje. Jimme kenne har wol, it is gjin geheim. Kollega kollumnist Hilda Talsma en ik wiene op de krystbuorrel fan de Omrop en dêr kaam direkteur Nina Hiddema efkes by ús sitten om yn de kunde te kommen. Wy strune net faak op de redaksje om, mar meitsje ús bydragen thús. 'Wel apart eigenlijk, ik ken alleen jullie stemmen,' sei frou Hiddema. Sy sei dat se it moai fynt dat alle kollumnisten fan Omrop Fryslân sa ferskillend binne.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

Der is gjin minske gelyk. Mar ik fyn it in soarchlike ûntwikkeling dat de iene de oare minske graach yn in hokje stopje wol. Krekt as soe it oersjoch dan makliker wêze, haw je sabeare kontrôle oer hoe't je oer ien tinke moatte. Guon wolle dat noch helderder hawwe en feroardielje minsken it leafst yn links of rjochts. Dat is handich. Fine sy. It is reden om in eigen 'groep' te folgjen op sosjale media en guon dy't dêr op it earste gesicht net yn passe te ûntfolgjen. Sa wurde je altyd fieden mei ideeën dy't jo oanstean en krityk dêr op lêze jo net.

Sa ûntstiet polarisaasje.

Efkes in pear foarbylden fan foaroardielen: as je it lot fan bisten wichtich fine, binne je links. Leafst heakje de kritikasters dêr dan it wurd 'gekkie' oan ta. Hawwe jo noed oer it weromkommen fan terroristen fan IS, wurde je al gau de rjochtse hoeke yndreaun. Mei as favorite taheakke: 'dom'. Fine jo it wichtich dat Sinteklaas, Swarte Pyt en karbidsjitten bestean bliuwe, sitte jo daalks yn in hokje. Bytsje oan de rjochterkant, neffens de measten. Hawwe jo in soad noed oer de takomst fan de kommende generaasjes, yn ferbân mei alle oantoanbere klimaatferoaringen dy't der oan komme, binne je wer in linkse drammer.

Mar hokker persoan binne je as je it mei al dizze foarbylden iens binne? Is der in hokje dêr't sa'n ien yn past? Ien dy't graach wol dat bisten in goed libben hawwe, de boskbrânen yn Australië ophâlde, dat we kappe mei it ferneatigjen fan it tropysk bosk, dat we fan mear as ien kultuer genietsje, IS terroristen gjin kâns krije hjir oanslaggen te plegen, dat je bern it better ha sille as jo, dat it de boeren en de greidefûgels goed giet, dat de poalkapen wer groeie sille en dat dy ferhipte Alvestêdetocht op redens wer ris trochgiet?

Binne je dan net gewoan in normale Fries as Nederlanner? Ien dy't net yn hokjes tinke wol, mar de wierheid yn it midden siket sûnder mei etiketten te struien? As jimme it der net mei iens binne fyn ik it prima. It is moai dat minsken net gelyk binne, oars waard it sa saai as de pest. Diversiteit of op syn 'djipfrysk' ferskaat is in grut goed. As jimme al dy ferskillende minsken yn in betocht hokje stopje wolle, seit dat mear oer jim as oer de oar."

(advertinsje)
(advertinsje)