Debora fan Zanger Rinus ferwûne rekke nei oanstekken sigaar

04 jan 2020 - 08:16

De feestdagen binne net feestlik ôfrûn foar Debora Tieman, better bekend as 'Romana' yn de fideoclips fan har partner 'Zanger Rinus.' Doe't sy in sigaar oanstekke woe, hawwe har hier en gesicht flam slein. Dat hat Rinus oan RTL Boulevard bekendmakke. Debora is daalks mei in ambulânse nei it sikehûs brocht en sy soe no yn in brânwûnensintrum yn Grins lizze.

Debora en Rinus op argyfbyld - Foto: ANP

Neffens de berjochten soe Debora wachtsje op in operaasje. Sjonger Rinus Dijkstra is in pear moanne lyn 50 wurden. Hy waard benammen bekend fan syn hit 'Met Romana op de scooter.' It stel wennet yn Drachten.

(advertinsje)
(advertinsje)