Duorsum doel wurdt net helle

10 jul 2012 - 10:25

It doel om yn 2015 rûchwei 30.000 auto's, bussen, boaten en frachtweinen op duorsume brânstoffen ride te litten, wurdt net helle. Dit saneamde '100.000 voertuigenplan' fan de trije noardlike provinsjes is mislearre, sa joech deputearre Sietske Poepjes woansdei by Omrop Fryslân ta. Foaral it elektrysk riden komt eins net fan de grûn. Mei it elekrysk farren giet it wol goed. De provinsje jout maksimaal 5.000 euro subsydzje om peallen yn havens del te setten dêr't boaten de akku's oplade kinne.

Deputearre Poepjes hat goede hope dat dêr foldwaande gebrûk fan makke wurde sil.

(advertinsje)