UNIS Flyers fierstente sterk foar Chiefs Leuven

04 jan 2020 - 12:17

De UNIS Flyers binne it nije jier goed úteinset. Yn Thialf wûn de Fryske koprinner fan de BeNe League mei 8-1 fan de Chiefs Leuven út België. De Flyers wiene fierstente sterk foar de Belgen.

Lars den Edel (Flyers) - Foto: Martin de Jong

Nei hast 14 minuten spyljen makke Pippo Limnell de iepeningstreffer. Net folle letter kamen de Flyers op 2-0 foarsprong troch Lars den Edel. Noch foar de ein fan de earste perioade koe Den Edel de stân op 3-0 sette.

Yn de twadde perioade wie Trevor Petersen op dreef. Hy makke de 4-0 en de 5-0. Leuven wist ek in punt te skoaren, William Kangasniemi sette de 5-1 op it skoareboerd. Den Edel boude mei syn tredde treffer de foarsprong fan de Flyers lykwols fierder út nei 6-1 en dat wie ek de stân nei dizze perioade.

Petersen makke yn de tredde perioade syn hattrick kompleet: 7-1. Brent Janssen wist dêr noch in punt oan ta te heakjen foar de Feanster iishockyploech en sa sleat UNIS Flyers de jûn ôf mei grutte winst op de Belgen.

Den Edel: 'Makkelijke intikkertjes'

"Iedereen werkt hard en heeft het naar z'n zin en dan gaat het ook goed. Als je blijft winnen hoef je ook niets te veranderen," seit forward Lars den Edel nei de wedstriid. Ofrûne jier hie hy noch in soad lêst fan blessueres. "Vanaf het begin van het seizoen heb ik daar geen last meer van gehad, ik ben goed hersteld."

Dat die bliken, want hy koe in pear moaie treffers meitsje. Den Edel: "Het waren makkelijke intikkertjes, als je met Trevor Petersen en Juha Kiilholma speelt. Die jongens hebben ervaring, snelheid, behendigheid. Dan is het voor mij makkelijk spelen. Je moet wel aanzetten en de gaatjes vinden, maar als je dan open staat dan krijg je hem ook gelijk."

(advertinsje)
(advertinsje)