Youtuber Kalvijn bringt hippe ferzje 'In Nije Dei' mei De Kast út: "Een uitdaging"

03 jan 2020 - 22:38

De populêre Grinzer youtuber Kalvijn hat mei de Fryske band De Kast in nije ferzje útbrocht fan it nûmer 'In Nije Dei'. Kalvijn, syn echte namme is Kelvin Boerma, hat mear as 1,2 miljoen folgers op YouTube en makket al tsien jier fideo's. In leafdesferske sjonge wie wol in útdaging foar him, seit er.

De Kast brocht In Nije Dei foar it earst út yn 1996, it jier dat Boerma berne waard. De Fryske band woe it nûmer opnij útbringe en kaam fia de bern fan de bandleden op it idee om de 23-jierrige Kalvijn dêr foar te freegjen.

Boerma moast der wol even oer neitinke. "Het is niet echt mijn genre. Het is een ballad, een liefdesliedje, en dat maak ik normaal gesproken nooit." Hy woe him der wol yn ferdjipje, mar it skriuwen fan de tekst moast as fansels gean. "Als ik na een paar uur vastloop, dan moet ik het gewoon opgeven. Maar het ging best wel makkelijk."

Alle frijheid

Kalvijn krige alle frijheid fan De Kast om de tekst oan te passen. Hy hat it hiele nûmer oerset en syn eigen tekst der foar skreaun. Dêrnei hat er it opnaam en nei De Kast stjoerd om te hearren wat sy der fan fûnen. Hy woe wol dat it orizjinele nûmer oerein bleau. "Het Friese refrein hebben we er in gelaten. Dat is ook voor de herkenbaarheid wel lekker en het is gewoon echt een goed refrein. En de coupletjes heb ik ingevuld."

Hy hat it nûmer ek songen en rapt by it jubileumkonsert fan De Kast, yn desimber yn Amsterdam. Dat wie wol wat oars as in fideo meitsje. "Op zo'n podium staan in AFAS voor zoveel mensen en een liedje zingen wat je zelf geschreven hebt, is gewoon een heel ander soort uitdaging. En daar hou ik altijd wel van."

Youtuber Kalvijn oer syn gearwurking mei De Kast, mei oanslutend de nije ferzje fan In Nije Dei

(advertinsje)
(advertinsje)