Utslaande brân yn âlde fjoerwurkloads Schuurmans yn Ljouwert

03 jan 2020 - 21:38

Yn in loads fan it eardere fjoerwurkfabryk Schuurmans yn Ljouwert is freedtejûn brân útbrutsen. De loads op it terrein oan de Harlingertrekweg leit net fier fan de Elfstedenhal.

Foto: Kappers Media

De brân wie útslaand en griep fluch om him hinne. De brânwacht hat opskaald om it fjoer te bestriden.

It parkearterrein fan de Elfstedenhal is ôfsletten foar ferkear. De reedrydhal is op it stuit noch iepen foar publyk.

(advertinsje)
(advertinsje)