Dútske miljeuminister easket no al maatregels foar kontenerferfier skippen

03 jan 2020 - 20:54

Der moatte no al maatregels trochfierd wurde yn it kontenerferfier op skippen, ek al is it ûndersyk nei de krekte oarsaken fan de ramp mei de MSC Zoe noch net klear. Dat fynt Olaf Lies, miljeuminister fan de Dútske dielsteat Niedersachsen, yn petear mei de Dútske omrop NDR.

Foto: Onderzoeksraad voor Veiligheid

Neffens de minister soene kontenerskippen by swier waar net mear ticht by de kust del farre meie. Ek soene konteners mei gefaarlike ynhâld standert in stjoerderke krije moatte. Sa kinne konteners altyd wer opspoard wurde.

De Dútske minister fynt it ûnbegryplik dat der wachte wurdt mei it nimmen fan maatregels.

(advertinsje)
(advertinsje)