Bobslydteam mei Dennis Veenker pakt dield 16e plak yn Winterberg

03 jan 2020 - 19:56

Bobslider Dennis Veenker út Damwâld is freed 16e wurden mei de fjouwermansbob by de wrâldbekerwedstriid yn it Dútske Winterberg. It Nederlânske team moast it plak diele mei de Roemenen. Beide lannen setten nei twa runs in totale tiid del fan 1.51.91 en dat wie 1.38 sekonde stadiger as de winners.

Foto: Dennis Veenker

Der dienen 23 teams mei oan de wrâldbekerwedstriid. De top trije bestie út twa ploegen út Dútslân, op it earste en twadde plak en Letlân as tredde. Nederlân sette yn de earste run de 18e tiid del en kaam yn de twadde run as 14e oer de streek.

Nije sponsor

De Nederlânske fjouwermansformaasje bestie freed neist Veenker út piloat Ivo de Bruin en de remmers Janko Franjic en Joost Dumas. Earder op de dei waard bekend makke dat it bobslydteam der in grutte nije sponsor by krigen hat: it TeamKPN Sportfonds.

Veenker is tige wiis mei de stipe. Mei it jild kinne de bobsliders har dit jier better tariede op it WK yn febrewaris, in wichtich kwalifikaasjemomint foar de Olympyske Spelen fan Beijing 2022.

(advertinsje)
(advertinsje)